Printeboek Fotografie , fotograaf, friesland, trouwen, huwelijk

← Terug
Wolkom Myrte       14 Juni 2013

Myrte; leaf en lyts


Yn maaie kamen de heit en mem fan Myrte bij mij foar in moai bertekaartsje. It wie net sa dreech want mem wist presys hoe 't se it hawwe woe. In ienfâldig strak kaartsje mei in prachtige foto fan de lytse poppe.
Lykwols duorre it noch in skofke foar ik it telefoantsje krige dat Myrte berne wie. It lytse famke wie wat letter kaam as dat se ferwachte waard en mem moest earst wat mear oansterkje.
Mem en ik praten ôf dat ik net mear foto's meitsje soe dan foar it kaartsje needsaaklik wie.
En sa sieten mem en ik op sneontemoarn yn alle rêst tegearre op it smûke keamerke fan Myrte om in foto fan it lytse wyfke te meitsjen.

It slagge geweldich goed, sadat heit op moandei prachtige kaartsjes ophelje koe en mij tabetroude dat se ynkoarten graach fan myn oanbod gebrûk meitsje woene om moaie 'krektberne'-foto's (justbornfoto's) fan Myrte meitsje te litten. In herkânsing, sis mar.
Ik sjoch d'r nei ùt!







newborn
geboortekaartje
babyfoto